Wynpark yn de Iselmar krijt 127 miljoen euro stipe

02 mrt 2017 - 17:16
Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Steaten en Windpark Fryslân hawwe oerienstimming berikt oer finansjele stipe oan it park. It giet om in bedrach fan 127 miljoen euro. De provinsje kriget dan in minderheidsbelang. De ôfrûne tiid is ûndersocht hoe't it oandiel fan de provinsje it bêste fêstlein wurde kin. It giet dan benammen om de sizzenskip om it publike belang waarboargje te kinnen. De Steaten moatte har dêr de kommende tiid oer útlitte.

Duorsume enerzjy

Mei de ynvestearring wol de provinsje yn 2020 sechtjin persint duorsume enerzjy opwekke. De opbringsten wol de provinsje ynvestearje yn ekstra duorsumens en ek it toerisme lâns de Iselmarkust stypje. In soad ûndernimmers dêr bin benaud dat se bot te lijen krije fan de komst fan it wynpark yn de Iselmar.

It park wurdt boud yn it noardlike part fan de Iselmar. Der komme 89 wynturbinen. Yn 2021 moat de earste stroom levere wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)