LIVE: Cambuur striidt foar in bekerfinaleplak tsjin AZ

AZ - SC Cambuur
Wa wurdt op 30 april yn De Kuip yn Rotterdam de tsjinstanner fan Vitesse? It lêste finaleplak wurdt ynfolle troch SC Cambuur of AZ. Tongersdeitejûn wurdt de twadde heale finale fan de KNVB beker spile yn it AFAS Stadion yn Alkmaar. Omrop Fryslân is derby: op radio, ynternet en de Omrop-app. Folgje hjir live de heale finale fan de KNVB Beker.