Christiaan Triebert nominearre foar European Press Prize

02 mrt 2017 - 15:53
Foto: ANP

Ald-Ljouwerter Christiaan Triebert is nominearre foar de European Press Prize, in belangrike ynternasjonale parsepriis. Triebert makke in artikel oer de kûppoging yn Turkije, ferline jier simmer. Dêryn brûkte er de whatsapp-petearen fan de kûpplegers om te sketsen wat him dêr allegear ôfspile.

Neffens de sjuery ûntstie der sa in gronologysk byld fan de - úteinlik mislearre - opstân tsjin de Turkse machthawwers. Triebert makke it ferhaal foar it ûndersykskollektyf Bellingcat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)