Rottefalster krijt boete foar mislediging fan de ME

© ANP
In man út De Rottefalle hat 300 euro boete krigen foar mislediging fan de ME. Hy makke dy yn septimber ferline jier út foar 'homo's' en 'vieze lelijke heroïnehoeren', nei de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin FC Twente.
De man fûn it mar neat dat er in boete krige. Hy neamde it 'burgertje pesten', en dat fûn er ek fan de rjochtsaak.