De Jeugd van Tegenwoordig op Befrijingsfestival Ljouwert

02 mrt 2017 - 16:00

De Jeugd van Tegenwoordig is it haadoptreden op it Befrijingsfestival yn Ljouwert dit jier. De band is ien fan de trije acts dy't op 5 maaie mei in helikopter flein wurde om meardere befrijingsfestivals oan te dwaan. De oare acts binne Broederliefde en De Staat. It is noch net bekend hoe let as De Jeugd van Tegenwoordig yn Ljouwert is.

De band sels is tige grutsk dat se op Befrijingsdei optrede meie. "Vrijheid is een moeilijk en groot thema. Daarom vind ik het heel belangrijk dat we ambassadeurs zijn. Om er - ook al is dat maar een klein beetje - invulling aan te geven," sa seit Vjèze Fur fan de band.

Twarres

De band Twarres is dit jier útkeazen as de Fryske Ambassadeur van de Vrijheid. Mirjam Timmer en Kristian Dijkstra krije de taak om in brêge te slaan tusken 4 en 5 maaie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)