Sven Kramer lit wrâldbekerfinale yn Stavanger sjitte

02 mrt 2017 - 15:27
Foto: ANP

Sven Kramer docht nije wike net mei oan de wrâldbekerfinale yn Stavanger yn Noarwegen. Hy makket gjin kâns op de wrâldbeker omdat er te faak in wedstriid yn dat toernoai sjitte litten hat.

Kramer rjochtet him dit seizoen foaral op de toernoaien dêr't er kâns makket om te winnen. Hy waard earder dit seizoen Europeesk kampioen en wûn de fiif en de tsien kilometer by de WK ôfstannen. Kommend wykein docht er mei oan it WK allround yn Hamar yn Noarwegen.

"Ik stean leau ik sânde yn it klassemint. Ek al wurde der dûbele punten jûn, dan kom ik der noch net. Ik ha temin wrâldbekers riden, dat is myn eigen kar, dus dêr moat ik no ek de konsekwinsjes fan ynsjen", sa seit Sven Kramer op schaatsen.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)