Ministearje behannelet alle oanfragen yn 'stoppersregeling'

02 mrt 2017 - 14:46
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It ministearje fan Ekonomyske Saken behannelet alle oanfragen fan melkfeehâlders dy't har koartlyn oanmelden ha om tsjin betelling kij yn te leverjen. De earste ynskriuwronde fan de 'stoppersregeling' waard ferline wike stillein, krekt neidat er iepensteld wie. Der wie tefolle flecht op de koai. Hast 500 boeren hawwe har oanmeld foar de 38 miljoen euro dy't beskikber is. Yn maaie folget nei alle gedachten noch in ronde.

De 'stoppersregeling' is opsetten om wat te dwaan oan it dongoerskot yn Nederlân. Dat leit heger as wat mei neffens Europeeske regels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)