"Gemeenten dy't net reagearje op brieven binne ûnfatsoenlik"

02 mrt 2017 - 14:40

It FSU, it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden baalt derfan dat gemeenten net reagearje op brieven dy't sy skriuwe. It bart hieltyd faker dat se hielendal gjin antwurd krije en it binne boppedat faak deselde gemeenten dy't neat fan har hearre litte. It FSU fynt it eins ûnfatsoenlik.

It lêste foarbyld is in brief fan it FSU oer de frijwilligersfergoeding foar minsken mei in útkearing. Dêryn roppe se gemeenten op om hjirfoar it maksimale bedrach fan 1500 euro yn it jier te jaan.

Fan de 24 gemeenten joech mar de helte in reaksje. It FSU freget him ek ôf hoe't de gemeenten omgean mei brieven fan boargers.

Trefwurden: 
FSU gemeenten brieven
(advertinsje)
(advertinsje)