Bewenners Skilkampen Ljouwert kinne trochstek net foarkomme

02 mrt 2017 - 14:16

De bewenners fan it buertsje Skilkampen yn Ljouwert hawwe in trochstek troch in natuergebietsje nét tsjinhâlde kinnen. De gemeente wol in trochstek fan 15 meter breed meitsje foar de rekreaasjefeart en de bewenners fan de Skilkampen tinke dat dat de deakstek wurdt fan de seefûgelkoloanje. Sy hienen dêrom de rjochter frege om in foarlopige foarsjenning. Dy is no ôfwiisd omdat der neffens de rjochter genôch kompensaasje komt foar de jonge seefûgels.

Oandroegen alternativen foar de trochstek foldogge neffens de rjochter net oan de betingsten.

Trefwurden: 
Skilkampen Ljouwert trochstek
(advertinsje)
(advertinsje)