'Nije' frachtskip fan rederij Doeksen hast klear

It katamaran-frachtskip fan Doeksen leit sûnt begjin dit jier op de werf. It skip is twa moanne lyn yn twa stikken seage en der is in nij stik fan 20 meter lingte tusken setten. As it skip aanst klear is kin it 200 ton mear oan fracht meinimme nei de eilannen. Te tinken falt dan bygelyks oan frachtweinen.
Der binne fjouwer nije motoaren op it skip kaam en de skroeven binne oanpast om it nije fermogen oan te kinnen.
Der moast neffens projektlieder Maarten Schouwenaar fan Doeksen in hiel soad gebeure, mar de kosten binne noch hieltyd leger as wannear’t in nij skip kocht wurde moast. Sneon sil it skip te wetter litten wurde. Der moatte dan noch wat wurksumheden dien wurde. Takom wike wurdt it oplevere.