Ferkeap en promoasje Fryske literatuer byelkoar by Afûk

De Afûk nimt alle promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer op him. Se meitsje dêrfoar in nij promoasje- en ferkeapplan. De promoasje fan Fryske boeken lei oars by Tresoar en de ferkeap fan boeken by Boeken fan Fryslân.
De provinsje hat yn oerlis mei de belutsen partijen besletten dat alles yn ien hân by de AFUK komt. Tresoar rjochtet him no op ynformaasje, dokumintaasje en presintaasje fan Fryske literatuer. De Afûk die ek al de útfierende taken foar Boeken fan Fryslân.
Dy Stichting organisearre bygelyks de sutelaksje en pleatste boekekisten op skoallen. De provinsje stimulearret en subsidiearret it skriuwen en útjaan fan Fryske literatuer. Dy is fan grut belang foar it fuortbestean fan de Fryske taal. Dizze beliedsfernijing oangeande de promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer jout ynfolling oan de beliedsbrief 'Mei hert, hollen en hannen 2017-2020'.