Natoerbegraafplak Rûgehuzen wer stap tichterby

02 mrt 2017 - 13:15
Hjir soe it natuerbegraafplak komme - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De komst fan in natoerbegraafplak yn Rûgehuzen is in stap tichterby. De ried fan De Fryske Marren gie woansdei akkoart mei in wiziging fan it bestimmingsplan. Inisjatyfnimmer Ab van Middelkoop wol tusken Rûgehuzen en Sondel by de Bremer Wildernis sa'n begraafplak begjinne.

By omwenners binne in soad beswieren, se binne benaud dat de lichems soargje sille foar grûnfersmoarging. Ek binne se bang foar ferkearsoerlêst. Van Middelkoop hat dêr begryp foar, mar tinkt dat dat wol tafalle sil.

Neffens him hat ûndersyk by grutte begraafplakken sjen litten dat der fan fersmoarging gjin sprake is. Der bin ek ôfspraken makke mei Steatsboskbehear om de roustoet net troch de bosk ride te litten.

Ab van Middelkoop ferwachtet dat hy oan de ein fan dit jier of oars begjin takom jier it begraafplak iepenje kin. Guon minsken hawwe al oanjûn dêr graach lizze te wollen. It natoerbegraafplak by Rûgehuzen wurdt it twadde yn Fryslân. De earste by Nijhoarne is al sûnt 2015 iepen. Ek dêr is in soad belangstelling foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)