Auto op 'e dyk achterlitten
In noch ûnbekende autobestjoerder hat moandeitenacht syn auto midden op de Stationswei yn Ljouwert achterlitten. Plysjes fûnen de auto dêr. Se ûntdutsen dat de bestjoerder de stoeprâne rekke hie en dat nei alle gedachten dêrtroch de stjoerstange ôfbrutsen wie.
De auto is yn beslachnaam en fuortsleept.