Plysje siket tsjûgen fan fjochtpartij yn Ljouwert

02 mrt 2017 - 12:10
Geweld - Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket tsjûgen fan in fjochtpartij dy't begjin febrewaris plakfûn hat yn Ljouwert. Op de hoeke Willemskade - Prins Hendrikstrjitte soene twa groepen mei-elkoar op de fûst gien wêze. Dit wie op 5 febrewaris om goed 5 oere nachts.

In part fan de groep is nei de fjochtpartij fuortriden yn in lytse wite auto yn de rjochting fan it Suderplein. In man fan 21 jier út de gemeente Dantumadiel hat by de fjochtpartij in brutsen kaak oprûn en hat dêr oanjefte fan dien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)