Reza Ghoochannejhad wer oproppen foar Iraansk nasjonaal team

02 mrt 2017 - 11:24
Reza Ghoochannejhad yn aksje foar Iran - Foto: ANP

Reza Ghoochannejhad is troch de Iraanske bûnscoach oproppen foar de WK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Katar en Sina. De oanfaller fan SC Hearrenfean siet it lêste duel, heal novimber tsjin Syrië, ek by de groep. Ghoochannejhad kaam doe nei in oere spyljen as ynfaller it fjild yn.

Mei 14 goals stiet er op it twadde plak fan de topskoarelist fan de earedifyzje. Iran is mei 11 punten út fiif wedstriden koprinner yn groep A fan it Aziatyske kwalifikaasjetoernoai.

De earste twa út de groep pleatse har foar it WK, de nûmer trije giet de play-offs yn. De wedstriid tsjin Katar is tongersdei 23 maart. Fiif dagen letter wurdt der spile tsjin Sina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)