Soargen oer komst Van der Valk op It Hearrenfean

02 mrt 2017 - 11:18
Foto: ANP

Undernimmers op ItHearrenfean meitsje har soargen oer de mooglike komst fan in Van der Valk-hotel oan de A32 by Oranjewâld. Se ha noed oer konkurrinsje en ferdringing op de arbeidsmerk.

Sa'n 40 ûndernimmers kamen woansdei byelkoar yn Thialf om hjiroer te praten mei de gemeente. De ûndernimmers joegen oan dat de komst fan in Van der Valk-hotel foar flink wat minder gasten by de besteande hoareka yn it sintrum soargje sil, wylst dy it al dreech hawwe.

Se freegje harren ôf oft Van der Valk wol gearwurkje wol mei de ûndernimmers op It Hearrenfean. De gemeente wol fan omwenners witte wat sy fan de plannen fine. Op grûn fan de útkomsten bepaalt de gemeente Hearrenfean oft it hotelplan fierder ûntwikkele wurdt of net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)