Roerich jier foar FrieslandCampina

It haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort © ANP
Suvelkonsern FrieslandCampina hat ferline jier in winst fan 362 miljoen euro makke. Dat is 5,5 persint mear as yn it jier derfoar. It suvelbedriuw profitearre fan de hegere prizen foar basissuvelprodukten lykas molkepoeier en bûter, legere kosten foar de ynkeap en mear ferkeap yn Azië. De omset gie 2 persint omleech en komt út op 11 miljard.
Der binne mear produkten ferkocht, mar tsjin gemiddeld legere prizen en ûngeunstige wikselkoersen.
FrieslandCampina ferwachtet dat de molkeproduksje yn Nederlân dit jier wat omleech giet troch de maatregels dy't naam binne om it dongoerskot oan te pakken. It bedriuw ferwachtet dat de prizen foar basissuvelprodukten skommeljen bliuwe op it nivo fan de ôfrûne moannen.
FrieslandCampina praat sels fan in roerich jier. De jiersifers binne tongersdei yn Amersfoort presintearre.