Fryslân hat 12.000 minder jongeren as tsien jier lyn

02 mrt 2017 - 10:31

Fryslân hat hieltyd minder jeugd. Der wurde minder poppen berne en jongeren gean fuort foar stúdzje en wurk. Dizze ûntwikkeling giet de kommende jierren troch. Dat stiet yn in rapport fan it FSP, it Fries Sociaal Planbureau op basis fan gegevens fan it CBS en de provinsje. De lêste tsien jier is it tal bern fan 0 o/m 3 jier it hurdst weromrûn: mei 19%.

Troch de ekonomyske krisis stelle minsken it krijen fan bern út. Begjin ferline jier telde Fryslân hast 12.000 minder bern en jongeren as tsien jier lyn, dat is 6% minder, lanlik is dat 1%.

It tal jongfolwoeksenen fan 18 o/m 24 jier is yn deselde perioade mei 2% ôfnaam, lanlik is dit krekt mei 8% tanaam. Opfallend is it hege persintaazje jongeren yn de krimpregio Noardeast-Fryslân. Yn fiif fan de seis gemeenten yn dizze regio is it oandiel jongeren fan de totale befolking heger as it Fryske gemiddelde fan 29%. Ljouwert is de gemeente mei it heechste persintaazje jongeren.

Trefwurden: 
jongeren jeugd poppen
(advertinsje)