Skiep krijt seis lamkes: "frisse bistjes"

02 mrt 2017 - 09:45

By boer Wiersma yn Wier hat in skiep seis lamkes krigen. It wie foar de eigeners in grutte ferrassing. De seisling is yn de nacht fan woansdei op tongersdei berne. Neffens Wiersma wiene der earst fjouwer lamkes. Doe tocht er: 'der koe noch wolris ien komme'. Hy helle syn frou op en doe't se werom kamen wiene der seis berne.

De famylje Wiersma hat al jierren skiep. Op dit stuit 120 stiks. In seisling is noch nea earder foarkaam. Se meitsje it allegear goed en lizze ûnder de waarme lampe. Neffens frou Wiersma binne it 'frisse bistjes'.

Trefwurden: 
seisling skiep lamkes Wier
(advertinsje)
(advertinsje)