Njoggen bestjoerders op de bon foar te hurd riden

02 mrt 2017 - 08:43
Foto: Omrop Fryslân

By ferkearskontrôles yn Ljouwert hat de plysje woansdei njoggen bestjoerders op de bon slingere. De plysje kontrolearde tusken twa oere middeis en alve oere jûns op ferskate lokaasjes yn de stêd. In snorfytser krige in boete omdat er te hurd ried. De man gie hast 60 kilometer yn 'e oere, wylst in snorfyts mar 25 mei.

Ek oare bestjoerders krigen in bon omdat se te hurd rieden. Der waard ûnder oare kontrolearre op de Aldlansdyk en de Grinzerstrjitwei.

De plysje joech ek noch warskôgings oan automobilisten dy't de gurdle net om hiene en omdat se gjin goede ferljochting hiene.

Trefwurden: 
plysje boete
(advertinsje)
(advertinsje)