Kollum: "Elitêr"

02 mrt 2017 - 08:22

“Maar asjeblieft: trek aan mijn jas, spreek me aan” - dat skreau Ivar Staal juster yn de Volkskrant. Yn in ynstjoerd stik hat hy it oer PVV-stimmers, allochtoanen, tokkys, middenklassers, kalvinisten en provinsjale boeren, dy’t dat dwaan moatte: him oan syn jaske lûke. Ivar is gymnasiast, hy sit yn it lêste jier fan it VWO, dus hy sil in jier as santjin, achttjin wêze. Yntrigearjende brief.

Syn pine is dat hy him ferfrjemd fielt fan syn leeftiidsgenoaten. Neffens Ivar leit it deroan dat hy mei oare dingen dwaande is as sy. Hij lústeret nei Rachmaninov, hat as eftergrûn op syn telefoan in skilderij fan Dalí (yn stee fan in neakene frou) en lêst fin-de-siècleliteratuer. Der stiet in foto fan Ivar by it stik, en hy hat dêrop in kreas jaske oan en in strik om.

Mar wannear't hy werom komt fan syn baantsje by de supermerk, sjocht hy leeftiidsgenoaten yn trainingspakken, en mei jaskes mei bûntkraach. Dy hingje om, sûpe en litte muzyk hearre troch triedleaze bokskes. Muzyk dêr’t Ivar de tekst net fan begrypt. Ivar seit: de telefyzje fertelt my dat de ûndergong fan de elite ynsetten is, en dat dy oaren harren net ‘gehoord’ fiele. It fret oan him.

Hy seit dat hy it pedant en lui fan himsels fynt om dy minsken no oan te sprekken om yn aksje te kommen, mar, it binne de tsjinstanners fan de elite dy’t harren misnoegen it hurdst hearre litte, dus is it logysk dat it inisjatyf ta in hantrekken fan harren kant komt.

It is maklik om Ivar fuort te setten as in bedoarn befoarrjocht jonkje. Mar ik begryp him hiel goed. Ik bin ek heger oplaat en guon sille my elitêr neame. Ik gean ek net om mei de minsken dy’t Ivar beskriuwt. Ik bedoel: ik kin my net yntinke hoe’t it is om alle dagen op in bouplak te stean, yn de wykeinen yn in keet of doarpshûs pilskes te drinken en in soad nei SBS te sjen. Sa’t in oar der net oan tinke moat om alle dagen yngewikkelde stikken te bestudearjen, nei jazzconcerten te gean en Houllebecq te lêzen. Dizze oar en ik soene inoar stierlik ferfele.

Neam my mar elitêr. Ik kin it hawwe. Dat ik it bin wie gjin doel op himsels, mar ik skamje my net foar myn titels of myn wurk. It kloppet dat it net populêr is om elitêr te wêzen, mar is it al populêr om in Tokky te wêzen? Of wat Ivar fierder ek mar opsommet.

Ik ha twa problemen mei Ivar’s brief. It earste is dat Ivar der fanút giet dat de twa groepen wol mei-inoar omgean moatte. Dat is as in fuotbalteam tsjin in tennisteam spylje te litten. Mar tennis of fuotbal sjen as minder of sels slecht, puer omdat it fuotbal of tennis is, dát is it probleem. Ik tink dat in soad minsken, mei Ivar, wat benaud binne foar wat se net kinne. En sommigen jouwe der dan mar op ôf. Op Tokkys, of op de elite.

Fansels binne der elitêre minsken dy’t de boel belazerje. Mar dat komt ek foar by PVV-stimmers, allochtoanen, tokkys, middenklassers, kalvinisten en provinsjale boeren. It seit allinnich neat oar de hiele groep: net alle fuotballers binne houligans, en net alle tennisers binnen kakkers. Earne op ôfjaan is hiel maklik. Mar ek kwealik.

It twadde probleem mei de brief is dat Ivar ‘m yn in krante setten hat dy’t net lêzen wurdt troch de minsken dy’t hy oansprekt, mei in toan en in taalgebrûk dy't se net oanstiet. Dat makket dit al wat in sinleaze ûndernimming.

Dus Ivar, hjirby lûk ik dy oan dyn jas en sprek dy oan. Sels de boel net belazerje, dyn elitêre freonen der op oansprekke wannear’t sy dat al dogge, en mei wat ynteresse yn de oar en in goed sin, komme we in hiel ein. It komt wol goed, mantsje."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
Botte Jellema De Toan fan
(Advertinsje)
(Advertinsje)