Foarsitter supportersklup Cambuur: 'Groot geel-blauw feest'

02 mrt 2017 - 07:30

Sechstjin bussen mei supporters fan Cambuur reizgje tongersdei ôf nei Alkmaar foar de heale finale fan de KNVB-beker. Cambuur spilet dêr tsjin AZ. Foarsitter fan de supportersferiening Kees Elzinga is mei in optimistysk en lekker gefoel wekker wurden. Wol binne der wat senuwen: "Ik denk dat de broodjes al op zijn voordat we in de bus zitten." Neffens Elzinga sil it yn it stadion mei de goed 1100 Cambuursupporters in grut giel-blau feest wurde. Kânsen om te winnen en yn de finale te kommen binne der seker sa seit er.

Yn de oanrin nei de heale finale waard thús al wûn fan Ajax en waard Utrecht yn eigen hûs mei penaltys ferslein. "Bij die wedstrijd is denk ik iedereen 1 of 2 jaar ouder geworden", seit Elzinga. "Er staat weer een collectief en ook de sfeer in het stadion is goed. Als Cambuur zijn eigen spel speelt dan zijn er zeker kansen."

De wedstryd tusken AZ en Cambuur begjint tongersdei om 20.45 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân radio. It ferslach wurdt dien troch Geert van Tuinen en Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)