Lont, Probo en Van Vuuren yn finale ûndernimmer fan it jier

De finalisten fan de ferkiezing Fryske ûndernimming fan it Jier (VFO) binne bekend. It binne boubedriuw Lont út Sint-Anne, printbedriuw Probo út Dokkum en doarrefabryk Van Vuuren út Grou. Seis nominearren striden woansdei om in finaleplak. De nominearren binne keazen út in lange 'pitchlist'. Se binne neisjoen neffens it Business Maturity Model Scan fan Deloitte. Dy scan sjocht hoe't it giet op it mêd fan strategy, ynnovaasje, bedriuwsfiering en finansjele resultaten fan de dielnimmende bedriuwen.
Dat lêste part is neier besjoen troch spesjalisten. Ek is sjoen nei ynventiviteit en it kreëarjen fan kânsen.
Finale
De finale is 4 april by Kijlstra ambulânseferfier. De sjuery ûnder lieding fan deputearre Sander de Rouwe bestiet út de ûndernimmers Thecla Bodewes en Jetze Botma en de winner fan ferline jier Emile Stuy.