Sykaksje nei skip op de Iselmar

Anna Dorothea rêdingsboat KNRM © KNRM.nl
Op de Iselmar hat woansdeitejûn in sykaksje west nei in skip dat mooglik yn de problemen kaam wie by Makkum. Rykswettersteat, de rêdingsboaten fan Hylpen en Den Oever kamen yn aksje. By Koarnwertersân soe it skip fêstsitte, mar doe't de rêdingstsjinsten dêr kamen, fûnen se neat.
Doe binne sy begûn te sykjen. It die bliken dat it skip yn de haven fan Koarnwertersân lei. De opfarrenden meitsje it goed.