Akkrum hat te krijen mei mûtsestellerij

Mûtsen foar Grykske boatflechtlingen binne rôversguod yn Akkrum. Se wurde brûkt om reklame te meitsjen foar it toanielstik 'Mûtsen', dat it Akkrumer Dreamtheater dit wykein spilet, mar ek om nei de tiid te jaan oan de boatflechtlingen.
Op tal fan plakken yn it doarp binne hûndert breiden mûtsen ophongen. Oan elke mûtse sieten twa kaartsjes. Ien mei de oankundiging fan it Frysktalige stik en ien mei it fersyk om de mûtsen hingje te litten, foar de boatflechtlingen. Fan de hûndert mûtsen binne al sa'n 25 fuort.
Op de measte plakken binne wer nije mûtsen mei kaartsjes hongen.