Sjuery bekend fan Ferhalewedstryd

01 mrt 2017 - 22:09

Skriuwer Jetske Bilker, berneboekeskriuwer Paul van Dijk en Obe Postmapriiswinner Geart Tigchelaar foarmje de sjuery fan de Fryske Ferhalewedstryd.

It Skriuwersboun organisearret de Fryske Ferhalewedstryd yn gearwurking mei it Friesch Dagblad en Cedin. It tema fan de wedstryd is Gjin Styl!?, nei oanlieding fan it 100-jierrich bestean fan keunststreaming De Stijl.

Foar de winners wurdt in yllustraasje by it ferhaal makke. De keunstners dy't dit dwaan sille binne (foar de kategory jongerein) Gert-Jan Oosting en (foar de kategory folwoeksenen) Nina Peckelsen.

Deadline foar de ynstjoerings is 15 maart. De útrikking is op 9 maaie yn Museum Dr888.

Trefwurden: 
Ferhalewedstryd sjuery
(Advertinsje)
(Advertinsje)