Ferske fan Sväva yn nije Netflix-searje 13 Reasons Why

Sväva wint Kleine Prijs © Jan Sjoerd Geertsma
It ferske Huntress fan de Ljouwerter band Sväva sil te hearren wêze yn de nije Netflix-searje 13 Reasons Why. Dat twittere de band woansdeitejûn sels.
Huntress is in nûmer dat op de EP "Sväva" stiet en is pas in pear wike lyn ferskynd. De band is der geweldich bliid mei. De muzyk fan de band wurdt omskreaun as 'Dreampop uit Friesland'.
13 Reasons Why is in nije, mysterieuze dramasearje, dy't produsearre wurdt troch de Amerikaanske popsjongeres en aktrise Selena Gomez. De searje is op 31 maart foar it earst te sjen by Netflix.