Snitser follybalfroulju ferlieze fan Sliedrecht Sport

01 mrt 2017 - 21:48
De Snitser follybalsters - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Yn Snits spilen de follybalfroulju woansdeitejûn tsjin Sliedrecht Sport. Yn fjouwer sets gienen se ûnderút. De earste set wûnen de gasten mei 16-25. De Snitser froulju wûnen de twadde set mei 25-19. Yn de tredde set gie de thúsploech goed fan start, mar se koenen de foarsprong healweis net folhâlde. By in stân fan 22-22 gie it mis en ferlearen de Snitsers mei 22-25. Yn de lêste set makke Snits gjin oanspraak op winst. It waard 19-25.

It wie de twadde wedstriid om de kampioenspûl. Snits hat no 5 punten en Sliedrecht stiet oan kop mei 11 punten. De oare fjouwer ploegen yn de pûl moatte noch spylje.

Trefwurden: 
follybal Snits VC Sneek
(Advertinsje)
(Advertinsje)