Ljouwerter sportklups binne mear jild kwyt

01 mrt 2017 - 21:37

De oergong fan Ljouwert fan de iene nei de oare netbehearder kostet Ljouwerters in soad jild. Dat telt hurd op, foaral by sportferieningen mei fjildferljochting. In Ljouwerter hockeyklup betellet dit jier 380 euro ekstra; in taname fan goed 20 prosint. Jan van der Wal út Ljouwert skreau in brief nei de provinsje. Hy helpt de hockyklup en oare sportklups de enerzjyrekkens te ferleegjen. De provinsje joech yn 2015 tastimming foar in útruil fan gebieten tusken de netbehearders Enexis en Liander wêrtroch't Ljouwert fan Enexis by Liander kaam.

Dat soe effisjinter wurkje wêrtroch't de priis nei ûnderen koe. It tsjinstelde liket no te barren, seit Van der Wal. Sport Fryslân dûkt hjir no yn. Sy binne fernuvere oer de situaasje en wolle útsykje oft der wat oan dien wurde kin. Neffens Liander wurdfierder Jasmijn Dielesen ûntstiet it priisferskil trochdat sy folle mear gemeenten yn harren gebiet ha dy't belesting heffe op kabels en liedingen. De 150 miljoen euro dy't dat kostet, moat troch alle Lianderklanten betelle wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)