Jong SC Hearrenfean wint fan Jong Roda JC

01 mrt 2017 - 21:06

De beloften fan Sportklup Hearrenfean hawwe woansdeitejûn wûn fan de leeftiidsgenoaten fan Roda JC. Yn Kerkrade waard it 4-2. Hearrenfean hie in fleanende start en kaam al nei trije minuten op foarsprong troch in goal fan Johnsen. Dêrnei waard lang net skoard. Yn de twadde helte ferdûbele Hearrenfean de skoare troch in doelpunt fan Hornkamp yn de 54ste minút. Roda kaam werom oant 2-2, mar Hornkamp skoarde flak dêrnei nochris en in eigen goal fan Roda brocht de einstân fan 4-2 op it skoareboerd.

It wie in terjochte oerwinning foar de Feansters, it wie de bettere ploech. Troch de winst giet Jong SC Hearrenfean no oan de lieding yn de reservekompetysje.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)