Frou fan 84 jier oerfallen

25 okt 2011 - 10:10
Foto: Omrop Fryslân

In 84-jierrige frou út It Hearrenfean is moandei op de Haskerútgong yn har wenplak oerfallen en bestellen. Se ried op har scootmobyl en hie har tas yn in kuorke foarop. Der kaam in scooter njonken har te riden, mei twa minsken derop. Dy pakten har tas út it kuorke. De dieders naaiden út yn de rjochting fan de wyk Nijehaske. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)