Omroep Noorderbreedte hat lêste útstjoering dien

01 mrt 2017 - 20:10

Omroep Noorderbreedte is ophâlden. De lêste útstjoering wie tiisdeitejûn út de radiostudio yn it Ljouwerter sikehûs MCL wei. Mei 43 jier wie it de âldste sike-omrop fan Nederlân. Hûnderten frijwilligers makken al dy jierren alle jûnen radioprogramma’s foar de pasjinten fan it sikehûs. Se draaiden 'It’s over’ fan Level 42 as lêste plaat en lutsen doe de studiodoar foar de lêste kear ticht.

Neffens de direksje fan MCL harket de pasjint tsjintwurdich nei eigen muzyk en soe der gjin ferlet mear wêze fan fersykplaatsjes.

Yn Hea! is woansdeitejûn in reportaazje te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)