Top en Twel fierde aksje yn Den Haag tsjin gaswinning

01 mrt 2017 - 19:52
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Tsjinstanners fan de gaswinning by Top en Twel hawwe woansdei har protest hearre litten yn Den Haag. Dêr wie by de Ried fan Steat in sitting tsjin de gaswinning fan Vermilion yn Súdwest-Fryslân. Oanlieding is de tastimming fan minister Kamp foar de winning fan 500 miljoen kubike meter gas yn de kommende fjirtjin jier. Omwenners binne bang foar in boaiemdelgong. Ek wolle sy in skearegeling, foardat úteinset wurdt mei de gaswinning. De Ried fan Steat docht oer seis wiken útspraak.

Trefwurden: 
Top en Twel gaswinning aksje
(Advertinsje)
(Advertinsje)