Tichelaar stapt op as kommissaris fan de Kening yn Drinte

01 mrt 2017 - 19:15

Jacques Tichelaar stapt op as kommissaris fan de Kening yn Drinte. Tichelaar fynt dat er net foldwaande fertrouwen mear hat nei't der ophef ûntstien wie oer syn rol by in opdracht dy't troch de provinsje gund waard oan syn skoansuster. Mei syn bemuoienis soe er de provinsjale yntegriteitsregels skeind hawwe.

Jacques Tichelaar (PvdA) is berne op It Hearrenfean. Provinsjale Steaten fan Drinte hâlden woansdei in spoeddebat oer de saak.

Dêryn bea Tichelaar syn ekskús oan foar syn rol yn de opdracht oan syn skoansuster. "Ik had nooit de naam van het bedrijf van mijn schoonzus moeten noemen, ook al was het bedoeld als voorbeeld en suggestie. Het was onhandig en stom'', sei Tichelaar. Hy wie sûnt 2009 kommissaris yn Drinte. Hy is ek bestjoerslid fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân SNN.

Tichelaar waard yn 2013 ek al ris op 'e fingers tikke yn in oare saak. Hy hie doe bemiddele yn in konflikt tusken de gemeente Coevorden en in hoareka-ûndernimmer, dy't syn sweager wie.

(advertinsje)
(advertinsje)