Fryske Marren beslút oer natuerbegraafplak Rûgehuzen

De ried fan de gemeente De Fryske Marren beslút woansdeitejûn oft Rûgehuzen in natuerbegraafplak krijt. In aksjegroep ferset him tsjin de komst fan it begraafplak yn de bosk tsjin de Bremer Wildernis oan. Se binne der op tsjin dat it fytspaad dat troch de bosk rint ek troch auto's brûkt wurde sil. "Der is wol tasein dat inkeld de roustoet dêr ride mei, mar dan giet it noch om tritich auto's fan ien of twa kear yn de twa wiken," fertelt beswiermakker Jeanet van der Goot.
"Dat fersteurt de natuer en boppedat moat twatredde part fan it gebiet ophege wurde om't it no te leech leit om as begraafplak te tsjinjen." Ek ha de beswiermakkers fragen oer wat de minsklike resten mei it miljeu dogge, lykas protezes. De grêfrjochten kinne foar 250 jier ôfkocht wurde, dus de deaden lizze der hiel lang."
Natuur geeft troost
Inisjatyfnimmer fan it begraafplak is Natuurbegraafplaats Friesland. Se ha ek al in natuerbegraafplak yn Nijhoarne. "In Nijhoarne liggen 36 mensen begraven en er staan al veel reserveringen" fertelt Nicole ter Doest. "De natuur biedt troost en voor nabestaanden is het een fijne plek om naar terug te keren. De graven vallen amper op, want ze gaan op in de natuur. We merken dat het voldoet aan de wens van de mensen om afscheid meer eigen te maken."