Oranjefroulju winne oefenynterlân fan Sina

Sherida Spitse stie net yn de basis, mar makke in goede ynfalbeurt © AWfoto
De Oranjefroulju ha woansdeitemiddei de oefenynterlân fan Sina wûn. Yn it Portugeeske Lagos waard it 1-0. Sisca Folkertsma en Sherida Spitse mochten yn 'e basis begjinne by Nederlân. Renate Jansen makke yn de 13de minút it iennichste doelpunt fan de wedstriid. Folkertsma wie tichtby de 2-0, mar de bal gie der net yn. Sina sette oan 'e ein fan de twadde helte in slotoffinsyf yn, mar Oranje joech de foarsprong net mear fuort.
Yn de tarieding op it EK dizze simmer yn Nederlân, nimme de Oranje Liuwinnen it freed yn Portugal ek noch op tsjin Australië en letter ek tsjin Sweden.