Plysje warskôget foar falsk jild by ferkeap Marktplaats

01 mrt 2017 - 17:55
Foto: Twitter plysje Ljouwert

Yn de gemeente Opsterlân binne trije meldingen dien dat ien mei falsk jild betelle foar in produkt dat op Marktplaats te keap oanbean waard. De persoan toande belangstelling foar in mobile telefoan en makke in ôfspraak om del te kommen. Op it momint fan beteljen joech de keaper, dy't mei in freon oan de doar kaam, mei meardere briefkes fan 50 euro en in tal oare biljetten. De briefkes fan 50 euro blieken nep te wêzen. De plysje ropt minsken op om wach te wêzen by sokke ferkeapen.

Trefwurden: 
falsk jild plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)