'Tiid foar Talint' is yn Bûtenpost begûn

02 mrt 2017 - 08:00

Keunstwurk reizget de kommende moannen by tsien doarpen yn Achtkarspelen en Smellingerlân del mei de fraach wêr't âlderein op it plattelân ferlet fan hat wat kultuerpartisipaasje oangiet. De start fan it projekt 'Tiid foar Talint' wie woansdei yn Bûtenpost. Goed 40 âlderen wienen dêr om mei te praten. De konklúzje dêr wie dat in soad âlderen it al bêst drok hawwe, mar ideeën hienen se wol.

Ien fan dy ideeën is gymnastyk, foarôfgeand oan de wyklikse kofjemoarn, of in itensiederskursus foar manlju. Of foarlêze oan leeftiidsgenoaten dy't net mear sa goed lêze kinne. Nei it praten ha de minsken noch dûnse mei de groep Marlien Seinstra. Dêryn dûnsje minsken mei de sykte fan Parkinson mei minsken dy't dy sykte net hawwe.

Nei de simmer sille spesjaal selektearre keunstners projekten ûntwikkelje oan de hân fan de antwurden dy't dizze ynformaasjebyienkomsten opsmiten ha. Yn Fryslân Hjoed is tongersdei in reportaazje te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)