Op syk nei 111 bysûnderste Fryske plakjes foar boek

01 mrt 2017 - 17:11

De 111 moaiste, bysûnderste en leukste plakjes fan Fryslân, dêr is Maarten Boersema fan Blije op syk nei. Hy makket it kommende jier it boek '111 plekken in Friesland die je gezien moet hebben'. Hy ropt ynwenners en leafhawwers fan Fryslân op om tips troch te jaan oer bysûndere plakken yn de provinsje.

"Het hoeft niet beslist het mooiste plekje te zijn, maar het gaat dan bijvoorbeeld om een plaats met een goed en bijzonder verhaal of een verrassende locatie." As foarbylden neamt er ûnder oare natuer, restaurants, slûzen, monuminten, huzen en tsjerken. "Persoonlijk word ik heel blij van de andere kant van de zeedijk hier in de buurt, de kwelders en het Wad", sa seit Boersema.

Minsken dy't in tip hawwe kinne dy op de Facebookpagina fan Boersema efterlitte of in mailtsje mei koarte motivaasje stjoere nei 111plekkeninfriesland@gmail.com.

(advertinsje)
(advertinsje)