Soad Friezen by seleksje WK shorttrack

01 mrt 2017 - 16:49
Sjinkie Knegt - Foto: Martin de Jong

De Nederlânske ploech op it WK shorttrack fan takom wike yn Ahoy yn Rotterdam wurdt oanfierd troch Sjinkie Knegt en Suzanne Schulting. Dat hat de KNSB bekend makke. Der binne noch mear Friezen selektearre. By de manlju komt Daan Breeuwsma ek yn aksje op de yndividuele nûmers. Yn de ôflossingsploech sille Dennis Visser fan De Lemmer en Itzhak de Laat fan Ljouwert meiride.

By de froulju is Rianne de Vries WK-dielnimmer. Sy rydt it yndividuele programma en sit yn de seleksje foar de ôflossing. Ek Jorien ter Mors sil útkomme op de ôflossing.

(Advertinsje)
(Advertinsje)