Arno Brok is ynstallearre as kommissaris fan de Kening

01 mrt 2017 - 16:24

Arno Brok is woansdei yn it provinsjehûs yn Ljouwert ynstallearre as de nije kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Brok wie de ôfrûne sân jier boargemaster fan Dordrecht, earder wie hy boargemaster fan Snits en wethâlder yn Ljouwert. Hy is bliid dat er no wer yn Fryslân is en sil it Frysk as earste taal fiere yn de Steaten.

Yn syn Frysktalige taspraak sei er it in foarrjocht te finen om yn Fryslân oan 'e slach te gean as kommissaris. Hy sil him ûnder mear ynsette foar bestjoer, kultuer en it byelkoar bringen fan minsken.

Nei ôfrin fan syn taspraak waard it Frysk folksliet songen. 

Kundich bestjoerder

Minister Ronald Plasterk fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes stelde it op priis persoanlik de nije kommissaris 'ôfleverje' te kinnen en winske him dêrby in soad nocht ta. Ut namme fan it kolleezje fan Deputearre Steaten sei deputearre en loko-kommissaris Sander de Rouwe dat ek it kolleezje tige wiis is mei de beneaming fan Brok: in kundich bestjoerder mei in Frysk hert. De ôfgeand kommissaris, Joan Leemhuis-Stout, lange Brok symboalysk de foarsittershammer fan de Fryske Steaten oer.

Earder waard bekend dat Brok yn Balk wenje sil. It giet om in tydlik wenplak, hy wol in hûs yn Fryslân keapje. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)