Goed 800 hantekeningen foar behâld gevel ambachtsskoalle

01 mrt 2017 - 16:00
Alde ambachtskoalle oan de Boargemaster Wuitewei - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De online petysje om de gevel fan de âlde ambachtsskoalle oan de Boargemaster Wuitewei yn Drachten te behâlden, is al mear as 800 kear tekene. De grifformearde skoallemienskip Gomarus sil der in nije skoalle bouwe en it markante âlde gebou sil dan plak meitsje foar moderne nijbou. Mei de petysje wol in groep Drachtsters besykje dat yn alle gefallen de foargevel stean bliuwt en ûnderdiel wurdt fan it nije ûntwerp.

Grut ferlies

Op de petysje komme emosjonele reaksjes binnen oer de plande sloop. De ûndertekeners neame it in grut ferlies foar Drachten en foar de skiednis fan it plak. "Het is eeuwig zonde dat deze voorgevel van de ambachtsschool gaat verdwijnen. Vele vakmensen hebben hier hun opleiding gevolgd. Laat svp niet nog meer oude historie verdwijnen, er is al zoveel verdwenen", sa skriuwt Inke Mulder fan Beetstersweach. Jaap Munniksma fan Drachten docht de oprop: "Koester de historie van Drachten. Ook al is het gebouw mooi van lelijkheid."

Adriaan Meijer fan Ljouwert hat sels wurke op de ambachtsskoalle en fynt it in byldbepalend gebou: "Een van de (weinig overgebleven) 'landmarks' van Drachten. Als kind liep ik erlangs, als docent gaf ik er les. Drachten heeft nog zo weinig zichtbare connecties naar het verleden, dat het bijna anoniem, gezichtsloos wordt."

(advertinsje)
(advertinsje)