Tsien moannen easke yn Marktplaatsfraude-saak

01 mrt 2017 - 15:59
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in ynwenner fan Grins is in finzenisstraf fan goed tsien moannen easke fanwege fraude op Marktplaats. De 30-jierrige man wurke út in hûs wei oan de Prof. Mr. P.S. Gerbrandyweg yn Ljouwert. Hy soe fia Marktplaats konsertkaartsjes ferkocht ha, mar levere dy net. Dat soe him tûzenen euro's opsmiten hawwe. De man waard ein 2014 oppakt. De plysje kaam him op it spoar by in ûndersyk nei in wenningoerfal mei geweld yn Grins. Foar dat fergryp sit de man op dit stuit fêst. Oer twa wiken folget de útspraak.

Trefwurden: 
fraude Marktplaats
(advertinsje)
(advertinsje)