Stellingwerfske film 'Daor klept de klok' siket akteurs

01 mrt 2017 - 15:47

De Stellingwerven waarden 500 jier lyn opdield yn twa gritenijen en om dat te betinken wurdt in 'Stellingwarver' film makke. De film 'Daor klept de klokke weer' giet oer de perioade oan it begjin fan de 16de iuw doe't it gebiet syn frijheid kwytrekke en by Fryslân yndield waard. Dêrfoar wie it gebiet twa iuwen lang in soarte fan selsstannige boererepublyk.

Foar de film binne fjouwer haadrolspilers nedich, in hynder en in hûn. Ek binne in soad figuranten fan alle leeftiden nedich.

Boek

De film wurdt makke nei it boek mei deselde titel dat sa'n sechtich jier lyn skreaun is troch Hendrik Hoogeveen út Easterwâlde. Yn 2007 is it oerset yn it Stellingwerfsk en krigen alle skoalbern it boek.

Kastiel

De film wurdt yn july opnommen. In belangrike lokaasje is kastiel Old Stoutenburgh fan Gregorius Halman yn Blesdike. De regy is yn hannen fan histoarikus en regisseur Thomas Rovers út Grins. De film is in produksje fan de Stellingwarver Schrieversronte. De film is benammen bedoeld foar de heechste groepen fan it basisûnderwiis en de learlingen fan it fuortset ûnderwiis.

Watfoar rollen binne der?

'De jonge Stellingwarver Franke die mit Auke Stelling, een dörpsrechter van De Haule en ere Stellingwarvers Stellingwarf verdedigt tot an et laeste toe. Franke is om de twintig jaor henne en een fleurige en ondernemende jonge die veur de vri’jhied van zien gebied opkomt. Auke Stelling is veertiger die zien gebied op een goeie en oprechte meniere bestuurt. Franke krigt bi’j zien stried tegen de vi’jaand de hulpe van Anne, een maegien van zien leeftied dat deur plunderende bendes heur huus en femilie kwietraekt is. D’r is ok een heufdrolle veur Sipke Durks. Sipke is van dezelde leeftied as Auke, mar een gemiene verraoder!'

Belangstellenden kinne har opjaan op info@stellingwarfs.nl.

Lês hjirre it boek online: 'Daor klept de klok'

(advertinsje)
(advertinsje)