Mear misdriuwen registrearre yn Fryslân

It tal registrearre misdriuwen yn Fryslân is foarich jier omheech gien. Us provinsje wykt dêryn ôf fan alle oare provinsjes, sa docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Dochs lizze kriminaliteit, ûnfeilichheidsgefoelens en oerlêst yn Fryslân leger as gemiddeld yn ús lân.
Opfallend is fierder dat it tal wenningynbraken yn de gemeente Littenseradiel foarich jier mei mear as de helte omheech gien is. Littenseradiel kaam jierrenlang út alderhande ûndersiken as feilichste gemeente fan ús lân nei foaren.
Ek yn Dongeradiel waard foars faker yn wenningen ynbrutsen, dêr gie it om in stiging fan 22 persint.