"Bern binne betûft mei iPad, mar kinne gjin sjaal breidzje"

01 mrt 2017 - 14:47

De bern op basisskoalle De Jasker yn Nij Beets krigen woansdeitemoarn les yn breidzjen. Inkelde tsientallen frijwilligers holpen de bern mei it setten fan de earste stekken. De les is in inisjatyf fan Tineke de Vries fan Nij Beets. Sy fynt dat it âlderwetsk hânwurk op skoalle net genôch mear oanbean wurdt. "Bern kinne al mei in iPad omgean, mar hoe't se in sjaal meitsje moatte, witte se net", sa seit De Vries.

De bern waarden holpen troch frijwilligers fan de Nierstichting en de Plusbus. De âldere froulju breidzje gewoanwei sokken en ferkeapje dy om jild yn te sammeljen foar de stichting. Yn de klasse waard in grutte sjaal breide en dat wie foar de measten in dreech putsje. Sa fine guon jonges dat it mear wat is foar famkes. Berber út groep 6 hie thús oefene. "Ik fyn it leuk. Ik tink dat ik yn de takomst noch wol wat grutters breidzje wol. In trui of sa..."

(Advertinsje)
(Advertinsje)