Sipke Hulshoff: ''Wy moatte ús as team sjen litte''

01 mrt 2017 - 13:59

Tongersdeitejûn stiet SC Cambuur foar it earst yn de histoarje fan de klup yn de heale finale fan de KNVB beker. Yn Alkmaar spilet de ploech fan trainer Sipke Hulshoff tsjin AZ yn it AFAS Stadion. ''It giet der al wiken oer'', sa seit Hulshoff. ''Tongersdei is it safier. Wy binne net kânsleas tsjin AZ, mar wy moatte wol realistysk bliuwe.''

Yn de heale finale fan tongersdei moat it fuortendaliks barre. As Cambuur ferliest, leit de ploech út it toernoai. ''Dat is foar ús in foardiel'', neffens de trainer. ''It is mar ien wedstriid. Dat makket de kânsen foar ús grutter. Mar wy sjogge it tongersdei wol. Wy hawwe oeral op traind en wy moatte ús no as team sjen litte.''

''Ik moest het uit handen geven''

Middenfjilder Sander van de Streek siet by de kwartfinale tsjin FC Utrecht mei in blessuere oan de kant fan it fjild. ''Ik was heel zenuwachtig toen op de tribune'', sa seit er. ''Ik moest het uit handen geven. Normaal heb ik in de wedstrijd geen spanning.'' Van de Streek jout Cambuur in goede kâns om letter dit jier yn Rotterdam de finale te spyljen: ''Wij kunnen echt wel winnen van AZ, ons hele team staat op scherp.''

Fertrouwen

Ek Martijn Barto sjocht mei fertrouwen út nei de heale finale yn Alkmaar. ''We hebben er allemaal enorm veel zin in. Ook door de resultaten van de laatste tijd. We hebben al meerdere verrassingen laten zien. Uniek is het nu al, maar als je zo dichtbij bent, moet je nu alles geven.''

''Een finale? Dat zou fantastisch zijn'', sa jout ek keeper Leonard Nienhuis ta. ''We hebben een goed gevoel in de groep. We gaan er alles aan doen om dat zo te houden. Als we winnen, gaan we een feestje vieren!''

(Advertinsje)
(Advertinsje)