Trije ferwûnen by botsing tusken auto en bestelbus

01 mrt 2017 - 12:44
Op de Burchwerterhoeke barre gauris ûngelokken - Foto: FOJOB Fotografie

Trije minsken binne woansdeitemoarn ferwûne rekke by in botsing op de N359 fan Ljouwert nei Boalsert. In auto en in bestelbus botsten opinoar op de krusing by Burchwert. Helptsjinsten rukten út om de slachtoffers te helpen en nei it sikehûs te ferfieren. De tadracht fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
botsing ûngelok Burchwert N359
(Advertinsje)
(Advertinsje)