Grutte beam yn Ljouwert falt samar om

01 mrt 2017 - 11:22
Foto: Twitter @FrisoDouwstra

Oan de Vrouwenpoort yn Ljouwert is woansdeitemoarn in grutte beam omfallen. Neffens de gemeente wienen de woartels fan de beam oantaaste en hat de stoarm fan ferline wike de beam ek net goed dien. De beam foel woansdeitemoarn spontaan om. Hy bedarre diels op it fytspaad, mar hat dêr gjin minsken rekke. De gemeente rommet de beam op, it fytspaad is dêrfoar diels ôfsletten. 

In wurdfierder fan de gemeente seit dat it doel wie om de beam meikoarten te ynspektearjen. Ek oare beammen yn it parkje oan de Vrouwenpoort sille no besjoen wurde. Yn oktober 2013 waaide troch in stoarm ek in beam oan de Vrouwenpoort om. Dy bedarre doe diels op it restaurant Liuwherne.

Trefwurden: 
Ljouwert beam Vrouwenpoort
(Advertinsje)
(Advertinsje)