Ynwenners Blauhús fersette har tsjin pleatsing stjoermêst

01 mrt 2017 - 10:31

Ynwenners fan Blauhús hawwe in wurkgroep oprjochte fanwege de pleatsing fan in stjoermêst yn it doarp. KPN wol in mêst fan 40 meter heech delsette op 200 meter fan de skoalle en njonken it fuotbalfjild. De wurkgroep fynt dit net ferantwurde.

Ek soe de pleatsing negative gefolgen hawwe foar it oansicht fan it doarp. De wurkgroep wol yn gearwurking mei de gemeente, KPN en de omlizzende doarpen op syk nei in alternative lokaasje.

(advertinsje)